Boerelieder Van Keimpema is tefreden nei rûzige wike: "Soad oandacht"

18 okt 2019 - 21:38

"It kabinet is út op in boargeroarloch." It wiene de wurden woansdei fan Sieta van Keimpema, wurdfierder fan Farmers Defence Force, de boerebeweging dy't it protest yn Den Haag organisearre. Twa dagen letter is se werom op har pleats yn Nes (Akkrum), mar rêstich is it noch net.

Sieta van Keimpema - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"We sitte der noch middenyn", seit Van Keimpema. "Woansdei wie de grutte demonstraasje yn Den Haag, tongersdei ha we it moarnsbrochje dêr hân. Dan geane je nei hûs, mar dan blike je 200 telefoantsjes mist te hawwen. En likefolle minsken ha in berjochtsje efterlitten. Elkenien wol graach wat witte, dus dêr sit ik no middenyn."

Protte telefoantsjes

It wiene ûnder oare telefoantsjes fan de parse. "De ANP belle dat de kening hiel dúdlik sein hie dat it gjin boereprobleem is, mar fan de maatskippij. In protte boeren wurdearje dat. NOS hat belle, de Omrop hat belle. En ek in hiel soad kranten dy't graach wat witte wolle."

Oer de ôfrûne wike is se tefreden: "Der wie in soad oandacht foar de problematyk. Op de site fan it RIVM seagen we ek dat se net sa gau fragen beäntwurdzje koene as oars, omdat se sa folle fragen krigen. En ek de diskusje yn de Twadde Keamer is allegear troch ús aksjes kaam."

'Agresje komt fan de oerheid'

Mar hoe sjocht se werom op dy útspraak dat it kabinet út is op in boargeroarloch? Neffens Van Keimpema komt de agresje just fan de oerheid. "Yn Den Haag kamen 60 fan dy grutte frachtweinen mei konteners fan it leger." De legerweinen waarden brûkt om dielen fan de stêd ôf te skermjen, mar Van Keimpema sjocht dêr oars nei: "It militêre geweld tsjin it eigen folk komt fan de oerheid."

Der binne noch gjin direkte plannen foar nije protesten, mar Van Keimpema slút neat út: "Wy hâlde dit kabinet hiel goed yn de gaten. As it moat, dan steane we der wer."

(advertinsje)
(advertinsje)