Iepenloftspul Oera Linda wint Gouden Gurbe foar bêste foarstelling

18 okt 2019 - 20:26

It iepenloftspul Oera Linda fan Suwâld hat freed de Gouden Gurbe wûn foar de bêste foarstelling. De publykspriis gie nei De Tynje, foar it stik Wit jim mem it wol.

Oera Linda is in iuwenâld manuskript dat fertelt oer in fjouwerhûndert jier âlde Fryske beskaving. It Oera Linda-boek, skreaun yn runetekens, is ien fan de grutste riedsels út de Fryske skiednis.

Neffens it boek is Frya de oermem fan it Fryske ryk. In groep Australyske fammen, fûleindige oanhingers fan it boek, meitsje in reis om út te finen wat der wier is fan it boek. In stik oer hoe't in geniale grap dramatysk ôfrint.

Oera Linda is de opfolger fan De famylje Bellier (Jorwert), dat ferline jier de haadpriis foar bêste foarstelling pakte. Dy wûn foarich jier ek de publykspriis. Dit jier giet dy priis nei Wit jim mem it wol. Tusken de 4.000 en 5.000 minsken hiene harren stim útbrocht. Dat gie dit jier mei de telefoan.

Alle prizen:

  • Bêste foarstelling: Oera Linda (Suwâld)
  • Publykspriis: Wit jim mem it wol (De Tynje)
  • Bêste haadrol: Jitze Grijpstra yn Turks Fruit (Dronryp)
  • Bêste byrol: Sytze Bijlsma yn Oera Linda
  • Bêste foarmjouwing: Macbeth (Easterwierrum)
  • Bêste gearspyljen: Wit jim mem it wol
Foto: Oera Linda

De foarstellingen Titus (Dokkum) en Het Kollumer Oproer (Kollum) makken gjin kâns op de Gouden Gurbes, omdat it profesjonele produksjes wiene. Dat fertelde presintator Asing Walthaus. Ek Rêdbâd (Broeksterwâld) net, want dy die foarich jier al mei. Dêr wie dit jier in reprize fan.

De Gouden Gurbes binne de Oscars fan de iepenloftspullen en wurde yn De Harmonie yn Ljouwert útrikt troch de Ljouwerter Krante. Trettjin jier lyn is de priis betocht troch de kultuerredaksje. De Gouden Gurbes ferwize nei Gurbe, it boerke dat yn de krante kommentaar joech op it nijs.

(advertinsje)
(advertinsje)