Nije maratonseizoen start, mei Arjan Stroetinga wer as ien fan de favoriten

19 okt 2019 - 18:17

Arjan Stroetinga start sneon, sa as altyd, as ien fan de favoriten oan it nije maratonseizoen. Op it bûteniis fan de Jaap Edenbaan yn Amsterdam rydt it peloton de earste wedstriid yn de searje fan de KPN Marathon Cup.

"As ik pelotonfolling wurd, hâld ik dermei op." As je, sa as Stroetinga, yntusken 38 jier binne, dan krije je in kear dy fraach. Mar hy tinkt der noch net oan. "Ik haw noch net it gefoel dat it minder giet. Ik haw der gjin sin oan om myn rûntsjes mar wat mei te riden."

Rekôrhâlder

Stroetinga is rekôrhâlder as it giet om Nederlânske titels op keunstiis. Mar leafst sân kear pakte hy de wichtichste titel by de maratonriders as it giet om keunstiis. Sa ek ferline jier. "Ik kin my altyd ekstra oplade of sa, by sa'n wedstriid. Ferline jier pakte ik nochal wat twadde prizen. Dêr haw ik in hekel oan. Dat moat dit jier better."

Yn it deistich libben is Stroetinga autoferkeaper. By de saak fan syn skoanheit op De Gordyk. "Ik kin dat hiel moai kombinearje. Ik haw de frijheid om te trainen, dêr jout myn skoanheit my alle romte yn." Earste wie hy monteur, mar no ferkeapet hy leaver auto's. Opfallend. "No ja, ik bin net sa'n prater mei ynterviews, ast dat bedoelst. Mar hjir praat ik oer saken dêr't ik ferstân fan ha. Dus dan giet dat maklik."

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'.

(advertinsje)
(advertinsje)