Minister Schouten: provinsjes meie sels bepale dat boeren ophâlde moatte

18 okt 2019 - 19:39

Provinsjes meie boeren twinge op te hâlden mei har bedriuw, seit minister Carola Schouten fan lânbou. It kabinet "gaat uit van vrijwilligheid", seit se, mar eltse provinsje kin har eigen belied tapasse.

Minister Carola Schouten - Foto: ANP

Tongersdei op it stikstofdebat yn de Twadde Keamer die bliken dat de koälysjepartijen net deselde miening ha oer de mooglikheid boeren te twingen op te hâlden. It giet dêrby om boeren dy't te folle stikstof útstjitte yn beskerme natuergebieten.

"Ik kan niet tegen provincies zeggen: u mag dat niet doen", sei Schouten. Mar by it útkeapjen fan boeren mei jild fan it kabinet "is het uitgangspunt vrijwilligheid. Ik kan niet provincies voorschrijven wat zij met hun eigen middelen wel of niet doen."

De minister seit dat der net mar 'twa smaken' binne. It jild dat it kabinet beskikber stelt, kin ek brûkt wurde om derfoar te soargjen dat boerepleatsen yn of by Natura2000-gebieten gewoan minder stikstof útstjitte. Dat kin bygelyks mei skjinnere apparatuer.

Trefwurden: 
stikstof Carola Schouten
(advertinsje)
(advertinsje)