SC Hearrenfean sjocht kânsen tsjin AZ: "Scherp zijn in de counter"

19 okt 2019 - 14:33

SC Hearrenfean-trainer Johnny Jansen sjocht mooglikheden op sukses yn de útwedstriid sneon tsjin AZ. Yn Den Haag spilet Hearrenfean tsjin de nûmer trije fan de Earedifyzje. Mar de trainer freget wol wat fan syn spilers. "Wij moeten agressief zijn in de zones. Daar gaat het om."

Johnny Jansen sjocht foarút op de wedstriid tsjin AZ:

Jansen: "Het moet een battle worden, een strijd. We moeten scherp zijn in de counter, maar als we de bal hebben, moeten we hem ook lang zien te houden."

AZ is foarbyld

AZ hat in sterke ploech, sa wit ek de Hearrenfean-trainer. "AZ speelt goed georganiseerd. Ze hebben het goed voor elkaar. Het is een heel goed elftal. Eigenlijk wel een voorbeeld voor ons." Dat topskutter Boadu net meispilet by AZ seit Jansen neat: "Dan zetten ze gewoon Ferdy Druijf in."

Hearrenfean sit yn in goeie perioade. Nei de earste thúswinst, 14 dagen ferlyn tsjin PEC Zwolle, kaam der in ynterlânperioade en dat betsjutte dat Hearrenfean njoggen spilers kwyt wie oan nasjonale teams. Jansen: "Aan de ene kant is dat vervelend. Aan de andere kant zijn we ook trots op de spelers die voor hun land worden geselecteerd."

Botman sjocht kânsen

Ek ferdigener Sven Botman sjocht wol kânsen tsjin AZ, hoewol't ek hy fynt dat AZ in hiel goed alvetal hat. "Toch zie ik wel kansen om een goed resultaat te halen. Het gaat een moeilijke wedstrijd worden, maar we gaan ons best doen."

Sven Botman sjocht kânsen tsjin AZ:

By SC Hearrenfean is elkenien fit. Mitchell van Bergen foel yn de wedstriid tsjin PEC Zwolle blessearre út, mar hy is wer hielendal fit neffens de trainer. Jansen begjint de wedstriid tsjin AZ mei deselde basis as yn de wedstriid tsjin PEC Zwolle.

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg; Kongolo, Faik, Veerman; Van Bergen, Odgaard, Ejuke.

AZ - SC Hearrenfean begjint sneontejûn om 18.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. Arjen de Boer fersoarget it kommentaar.

(advertinsje)
(advertinsje)