ISU beneamt iisstadion Thialf ta 'Centre of Excellence'

It ynternasjonale reedridersbûn ISU hat iisstadion Thialf op It Hearrenfean oanwiisd as ien fan de saneamde Centres of Excellences yn de wrâld as it giet om langebaan-reedriden en shorttrack. Dat betsjut dat Thialf oan de hege easken fan de topsport foldocht.
Reedriden yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De oanwizing jildt fan 1 jannewaris takom jier ôf en duorret yn elts gefal twa jier. Oare iisstadions dy't deselde kwalifikaasje krigen ha binne de Olympic Oval yn Calgary (Kanada) en de Utah Olympic Oval yn Salt Lake City (Amearika).
Yn in Centre of Excellence komme coaches, officials en talintfolle reedriders gear foar trainingen, edukaasje, seminars en workshops. Direkteur Marc Winters fan Thialf is wiis mei de titel: "Thialf is gebouwd voor de topsport met de ambitie om schaatshart van de wereld te zijn. Dit is een prachtige bevestiging van de vraag of wij die ambitie waarmaken."

Hieltyd mear atleten

Winters ferwachtet dat it positive gefolgen hat foar it iisstadion op It Hearrenfean: "De laatste jaren zien we steeds meer buitenlandse atleten in Thialf om hier kort- of langdurig te trainen en hun niveau te verhogen. Dat zal met deze toewijzing van de ISU als Centre of Excellence alleen maar toenemen. En deze internationale toeloop creëert weer een extra competitieve omgeving die ook Nederlandse talenten stimuleert naar een hoger niveau."