HEA! sil mei in caravan op paad

18 okt 2019 - 16:10

HEA! komt nei jo ta! mei de iennichste echte HEA!-caravan! Rûnom yn de provinsje dûkt de caravan op, op syk nei gewoane minsken mei moaie en bysûndere ferhalen. Sneon 19 oktober sil de HEA! caravan foar de earste kear op 'en paad. It plak dêr't HEA! hinne sil is Broeksterwâld.

Sjogge jo de caravan? Gau derhinne mei jo tip of ferhaal, en wa wit meitsje wy der in moaie reportaazje fan foar HEA! Wêr't wy delkomme? Sjoch of harkje nei Omrop Fryslân!

(advertinsje)
(advertinsje)