Frou út Boalsert moat tenei winkelje ûnder begelieding

18 okt 2019 - 15:53

In frou fan 64 jier út Boalsert moat tenei winkelje ûnder begelieding. Dat hat de rjochter bepaald. De frou stie freed yn de rjochtbank foar trije stellerijen út in winkel.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Earder wie se foar deselde died al folle faker feroardiele. Yn septimber ferline jier wie it wer raak: op ien jûn stiel se út trije ferskillende winkels.

Yn desimber besocht se it wer, mar doe waard se betrape. Op it stuit binne der al helpferlieners dy't mei de frou winkelje as begelieding. Dat moat sa bliuwe, fynt de rjochter.

De frou krige ek 25 dagen selstraf, mar dy hat se al útsitten yn foararrest.

Trefwurden: 
rjochtbank stelle
(advertinsje)
(advertinsje)