Smellingerlân krijt begrutting net slutend: tekoart noch miljoen grutter as tocht

De begrutting fan Smellingerlân foar de kommende jierren is noch hieltyd net slutend. It tekoart is sels noch ien miljoen euro heger as yn septimber al tocht waard.
It gemeentehûs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn septimber is yn de gemeenteried al wiidweidich praat oer needsaaklike besunigingen fan hast 11 miljoen euro, mar dêrmei is Smellingerlând der noch net. Der moat nochris trije miljoen euro besparre wurde, sa docht bliken út de begrutting dy't no nei de gemeenteried stjoerd is.
Boargemaster en wethâlders en de gemeenteried moatte no in oplossing fine. Wis is al wol dat der 7,2 miljoen euro besparre wurde moat op it saneamde 'Sosjaal Domein'. Dan giet it bygelyks om de jeugdsoarch en foarsjenningen foar âlderen en beheinden. In soad plannen dy't der earder wiene yn Smellingerlân kinne troch de jildproblemen net útfierd wurde. Yn de begrutting foar de kommende jierren stiet lykwols noch wol in bedrach fan ien miljoen euro foar in nij swimbad en in nije sporthal yn Drachten.
Smellingerlân neamt de besunigingen foar de kommende jierren 'ûngebrûklik mar needsaaklik' en sprekt fan 'moeilijke keuzes'.