Freedsmerk oer weromheljen bern Syriëgongers: "Wees humaan en haal ze op"

It is suver in nasjonale diskusje oan it wurden: moatte we de bern fan Nederlânske Syriëgongers no wol of net weromhelje? De VVD like fan 'e wike op te skowen fan 'nee' nei 'miskien dochs wol', mar skynt ûndertusken dochs wer strang 'nee' te sizzen.
© Omrop Fryslân, René Koster
Foar sawol it 'ja' as 'nee' blykt wol wat sizzen, die bliken op de Ljouwerter freedsmerk. "Myn hert seit ja, mar it ferstân seit nee", sei ien fan de minsken.
Benammen it aspekt dat as je bern hjirhinne helje, de âlders eins ek wol mei moatte, siet in soad minsken net lekker. "Je mutte dy ouders niet ophale. Dy wuden dêr su graag weze, dan mutte se der oek mar blieve."
"Kom op, het zijn kinderen, wees dus maar humaan en haal ze veilig op", oardiele de tasseman. Ien fan de besikers wie krekt útsprutsen de oare kant op: "De bern binne krekt sa as âlders, dus ek as dy der net sels foar keazen ha, is it net oars. Dan kinne we net folle foar harren dwaan."
Freedsmerk oer bern Syriëgongers