Omrop TIP: Efter de skermen yn de soarch, hoe hâlde we dat oerein en betelber?

Omrop Fryslân dûkt fan 24 oktober ôf yn de wrâld fan de Fryske soarch. Der is personielskrapte, mar trochdat we âlder wurde nimt de fraach nei soarch ek ta. Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.
De earste ôflevering fan 'Soarch oer de takomst':
Sa wurde we meinommen nei ien fan de grutste e-health-pilots fan it lân. Kontrôle op ôfstân. Mei in appke kin de pasjint thús in hertfilmke meitsje en opstjoere. Ut it hiele lân wei komme al dy gegevens binnen yn Dokkum. It kontakt tusken pasjint en dokter wurdt tiid- en lokaasje-ûnôfhinklik makke en dat is neffens kardiolooch Igor Tulevski de takomst. Want wolle wy romte hâlde yn it sikehûs foar de akute soarch, dan sil de groanysk sike pasjint safolle mooglik thús de soarch krije moatte.
In oar tema is previnsje. Wa't net siik wurdt, hoecht ek gjin soarch, sa is de gedachte. By sosjaal wurkbedriuw Caparis pakke se dat grut oan mei de pilot 'het nieuwe gezonde werken'. De wurknimmers wurde dêrby coacht yn sûner ite, mear bewege en better sliepe. Ek de direkteur docht mei en wit yntusken as gjin oar wat mear sliep opsmyt.

Soarch oer de takomst, takomst fan de soarch

Hoe helpt dûnsjen by Parkinsonpasjinten? Wat moat de húsdokter fan de takomst allegear kinne? Hoe kinne je sels regelje dat je sa lang mooglik thús wenjen bliuwe kinne? Mear út it sikehûs wei, mear soarch thús krije, mear mooglikheden troch bygelyks te operearjen mei de robot en gebrûk te meitsjen fan keunstmjittige yntelliginsje.
It komt allegear foarby yn de nije njoggendielige searje 'Soarch oer de takomst, takomst fan de soarch'. Fan 24 oktober ôf alle tongersdeis om 17.30 oere te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online.

Ambulânse

Yn de earste ôflevering op tongersdei 24 oktober binne we op 'en paad mei de ambulânse. Dêr begjint al in part fan de behanneling. Fan ferfier nei it sikehûs is de ambulânse feroare yn de eagen en earen fan de (hús)dokters. De behanneling start al op it momint dat de pasjint ophelle wurdt. Ynkoarten wurdt der proefdraaid mei in systeem mei help fan keunstmjittige yntelliginsje, dat de ferpleechkundigen noch better helpt ta in diagnoaze te kommen.
Soarch oer de takomst, takomst fan de soarch © Omrop Fryslân