Anema presintearret syn nije ploech yn Amsterdam

18 okt 2019 - 14:51

Reedrydcoach Jillert Anema hat freed yn Amsterdam syn nije reedrydploech presintearre. Yn de ploech fan sponsor EasyJet sit ûnder oare Jorrit Bergsma.

Jillert Anema en Jorrit Bergsma - Foto: www.orange-pictures.nl

Ek Arjan Stroetinga en Bob de Vries meitsje diel út fan de ploech. EasyJet hat him ferline seizoen ferbûn oan de ploech fan Anema. It kontrakt waard yn juny ferlinge. De yntinsje is om troch te gean oant de Olympyske Winterspelen fan 2022 yn Peking.

Jorrit Bergsma waard yn febrewaris wrâldkampioen op de 10 kilometer, op it WK ôfstannen yn Inzell. Ek de wrâldkampioen op de massastart, Irene Schouten, sit yn de ploech.

(advertinsje)
(advertinsje)