UPDATE: Swier auto-ûngelok by It Hearrenfean, A32 wer iepen

18 okt 2019 - 16:23

Op de A32 by It Hearrenfean is freedtemiddei in auto oer de kop flein. Der binne trije minsken by it ûngelok ferwûne rekke. De dyk wie in skoft ticht, mar is yntusken wer iepen.

Foto: Dennis Stoelwinder

Helptsjinsten binne manmachtich oanwêzich om help te ferlienen. Der is ûnder oare in traumahelikopter oproppen. It is net bekend hoe't it ûngelok barre koe, of hoe't it mei de slachtoffers is.

Trefwurden: 
ûngelok It Hearrenfean A32
(advertinsje)
(advertinsje)