Nije Dútslân Kring yn Fryslân hâldt earste gearkomste oer fal fan Berlynske muorre

18 okt 2019 - 14:18

De earste gearkomste fan de Dútslân Kring Fryslân, op sneon 9 novimber yn de Mouterij yn Frjentsjer, giet oer de fal fan de Berlynske muorre. Op dy sneon is it op de kop ôf 30 jier lyn dat de muorre foel.

Foto: ANP

De Dútslân Kring yn Fryslân wol mei syn gearkomsten safolle mooglik persoanen en organisaasjes dy't mei Dútslân te meitsjen hawwe, byelkoarbringe. Sprekkers binne ûnder oare kommissaris fan de Kening Arno Brok, de konsul fan Dútslân yn Noard-Nederlân en Dútslânsaakkundige Bearn Bilker.

De Dútslân Kring Fryslân waard earder dit jier oprjochte. Fryslân hat sa'n 2800 ynwenners dy't yn Dútslân berne binne. Under oare op de waadeilannen wenje in protte minsken fan Dútske komôf.

Trefwurden: 
Dútslân Kring
(advertinsje)
(advertinsje)