Arends ûnderút yn kwartfinale ATP-toernoai Antwerpen

18 okt 2019 - 13:47

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat freedtemiddei yn de kwartfinale fan it ATP-toernoai fan Antwerpen ferlern. Kevin Krawietz en Andreas Mies út Dútslân wiene mei 6-4 en 6-3 te sterk foar Arends en syn dûbeldmaat David Pel.

Foto: Orange Pictures

De earste set gie lang lyk op, mar de measte kânsen wiene dêryn foar de Dútsers. It gie benammen mis op de twadde opslach fan de Nederlanners, dêr't se mar ien fan de acht punten op pakten. Dêr't Arends en Pel net ien breakpoint krigen, hiene de Dútsers der mar leafst sân. Dêrfan pakten se de lêste, wat genôch wie foar de winst yn de set.

Ek yn twadde set hiene Krawietz en Mies oan ien break genôch, dy't earder dit jier in Grand Slam fan Roland Garros wûnen. Earder dizze wike hiene Arends en Pel noch ienfâldich wûn fan de Brit Cameron Norrie en de Súd-Koreaan Soon-woo Kwon.

(advertinsje)
(advertinsje)