Omwenner yn heger berop tsjin bou 19 wenten Surhústerfean

18 okt 2019 - 13:40

In omwenner fan de Môlewei yn Surhústerfean hat by de Ried fan Steat yn heger berop yntsjinne tsjin de bou fan 19 nije huzen. It bestimmingsplan foar it terrein foar de wenten, dêr't earder meubelsaak Folkerts Wooncentrum wie, wie fêststeld troch gemeente Achtkarspelen.

It terrein oan de Môlewei te Surhústerfean yn maaie - Foto: Google Street View

De omwenner seit dat hy rjocht fan paad hat op it terrein. Hy soe sa fan en nei de Môlewei komme moatte. Dêrnjonken seit hy in ferplichting te hawwen tsjinoer netwurkbehearder Liander om in ferdielstasjon berikber te hâlden. De nije huzen soene yn 't paad komme. Hy freget no oan de rjochter om it bestimmingsplan foarearst te skorsen.

(advertinsje)
(advertinsje)