15 miljoen foar farwei wichtich, oars ferhûzje bedriuwen út Drachten wei

18 okt 2019 - 13:15

Smellingerlân ynvestearret tegearre mei havenbedriuwen 15 miljoen yn in nije farwei nei Drachten, dy't troch feanpolder De Hegewarren rinne moat. It bedrach waard symboalysk oerlange troch boargemaster Jan Rijpstra, wethâlder Robert Bakker en René Alink fan it havenkluster oan deputearre Avine Fokkens.

Fan de 15 miljoen komt der 9 miljoen by de gemeente wei en 6 miljoen by de ûndernimmers. Neffens René Alink fan Sterk Heiwerken is it in upgrade fan de farwei. "Er kunnen nu zogenoemde klasse-4 schepen doorheen, maar voor de toekomstbestendigheid van de haven moet dat klasse-5 worden."

Druk nedich om bedriuwen te hâlden

De farwei is wichtich foar it bedriuwslibben. Sterker noch, seit Alink: "Er is zeker een aantal bedrijven dat aangeeft te overwegen zich op termijn te verplaatsen als de vaarweg er niet komt." It plan freget wol de nedige ynset. "Ik heb niet het idee dat de provincie er om gevraagd heeft, we moeten ons best doen om het op de politieke agenda te houden," seit René Alink.

Duorret noch wol efkes

It sil lykwols noch wol efkes duorje foar't de farwei der echt is. "Men heeft al geduld sinds 1953, dus die maanden kunnen er nog wel bij. Maar het is wel belangrijk dat het nu meegenomen wordt in de gebiedsontwikkeling. Ook in de toekomst willen we nog bereikbaar zijn voor schepen die op de vaarweg zitten," seit ûndernimmer Alink.

15 miljoen fan Smellingerlân foar farwei Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Ek de provinsje is foarsichtich wat dat oanbelanget. Deputearre Avine Fokkens: "We kijken eerst naar de gebiedsontwikkeling voor De Hegewarren, mochten we daar aanpassingen gaan verrichten kan het zijn dat de weg ook vrijgemaakt wordt voor de vaarweg. Maar we beginnen bij stap één, De Hegewarren."

Wurkgelegenheid

Boargemaster Jan Rijpstra wol lykwols wól dat it troch giet. "Het betekent werkgelegenheid, niet alleen voor de haven, maar ook voor de bedrijven die zich hier willen vestigen. Voor de economie is het belangrijk," seit hy.

Rijpstra is bliid dat it jild no op tafel leit. "Dit geld is om aan te geven dat de gemeente, ondernemers en de provincie samen 30 miljoen op tafel leggen om dit mogelijk te maken. De vaarweg kun je afschrijven in 100 miljoen, dus in feite zullen in 2030 de lasten voor een gemeente niet hoog meer zijn. Voor de begroting maakt het niet veel uit."

Hoe no fierder?

Hoe giet it no fierder mei it plan? "In november is er in de Staten een debat over de discussie, hopelijk wordt er ingestemd met het voorstel van het college om een onderzoek naar de haalbaarheid af te ronden," leit deputearre Fokkens út. "Dat zou naar verwachting eind volgend jaar kunnen. Daarna kunnen we kijken of we De Hegewarren op een andere wijze inrichten en of daar een nieuwe vaarweg kan komen."

Deputearre Fokkens is yn elts gefal wiis mei it oanbod fan gemeente en ûndernimmers. "Het is behoorlijk uniek dat het aanbod er nu ligt. Het is ook waar Gedeputeerde Staten om vroegen, maar ze zeiden wel: er moet zelf ook boter bij de vis worden gedaan. Dat is nu gebeurd: en geen margarine, maar zelfs roomboter."

Gefolgen boeren

De eventuele oanlis fan in nij kanaal dwers troch natuergebiet De Burd en lânbougebiet de Hegewarren hat grutte konsekwinsjes foar de boeren dy't dêr wenje. Sy sille der sa goed as wis wei moatte. Dat is net in moai foarútsjoch. "Mar wichtiger noch is dat we witte wêr't we oan ta binne", seit feehâlder Wierd de Groot. "Je witte net wat je moatte. Der wurdt hjir al sa lang oer praat. Moatte je ynvestearje of net. In bedriuw kin net wachtsje op plannen of regeljouwing. Je moatte mei yn de tiid." Op in eventuele ferhuzing wol hy net foarút rinne. "It moat earst mar ris trochgean. Dan sjogge we wol wer."

Undernimmer René Alink, deputearre Avine Fokkens en boargemaster Jan Rijpstra

Trefwurden: 
Drachten farwei De Hegewarren
(Advertinsje)
(Advertinsje)