Aldereinhûs Spiker yn Ternaard net sloopt, mooglike keaper mei oare plannen

18 okt 2019 - 12:41

Mooglik ferkeapet eigener KwadrantGroep it âldereinhûs Spiker yn Ternaard. It moat in maatskiplike ynfolling krije. Dat is tige opmerklik, om't Kwadrantgroep it earder nét ferkeapje woe oan ûndernimmer Simmy de Vries, dy't plannen hie foar soarch it kompleks.

Foto: Bote Sape Schoorstra

Ferline jier woe KwadrantGroep it gebou noch slope, mar doarpsbewenners wiene dêr fûl op tsjin om't âlderein sa gjin plak mear hiene yn it doarp. Simmy de Vries is bot fernuvere troch de ferkeap.

Begjin dit jier binne de lêste bewenners fan Spiker oerpleatst nei oare lokaasjes. It falt no raar op 'e lea dat der blykber wol wat oars yn it kompleks komme kin, mar dat KwadrantGroep der gjin soarch mear hawwe wol.

'Wie altyd it plan'

Neffens KwadrantGroep wie it alyd de bedoeling dat der in plan kaam foar Spiker mei in maatskiplike/wolwêzen-funksje. De groep jout oan dat it in yngewikkeld trajekt is: "Er hebben zich nu kopers gemeld die zeggen dat ze deze maatschappelijke functie kunnen realiseren met behoud van het gebouw. Dat is wellicht een optie en dat willen we serieus onderzoeken." Wat krekt de bedoeling fan de nije keapers, wol KwadrantGroep net sizze, mar de maatskiplike ynfolling wie in betingst.

No't der in konkreet oanbod leit, wol KwadrantGroep yn petear mei de partij dy't it kompleks wol keapje wol. "Eerdere kopers hebben hiervoor geen concreet aanbod gedaan, nu ligt er wel een business case," fertelt KwadrantGroep.

Earder soe it sloopt wurde

Earder like sloop dus foar de hân te lizzen. "Dat leek op dat moment ook de enige en voor het dorp de meest snelle optie. Maar nu ligt er een concreet aanbod met behoud van het gebouw. Wij zijn bereid het gebouw te verkopen met als voorwaarde dat de koper, naast herbestemming van Spiker, ruimte biedt aan de plannen om een maatschappelijke functie voor het dorp te gehouden."

Besjoch hjir de Fryslân DOK 'Gjin plak foar pake en beppe, Ternaard yn aksje foar behâld âldereinsoarch' fan 18 maart 2018 oer Spiker:

(advertinsje)
(advertinsje)