Ferbouwing meldkeamer: in puzzel dy't bot nedich is

18 okt 2019 - 12:32

De meldkeamer Noard-Nederlân sit op dit stuit midden yn in ferbouwing. By in gewoan bedriuw is dit al in behoarlike put, mar by in ynstânsje lykas de meldkeamer komt soks tige krekt, want it wichtige wurk moat wol troch gean.

Foto: Bauke Deelstra, Omrop Fryslân

Wylst it wurk op de eftergrûn gewoan trochgiet wurdt der hurd wurke om de meldkeamer yn Drachten in hele nije look te jaan. Sa is der nije flierbedekking dellein ûnder de stuollen fan de telefoan-operators. De fokus fan de ferbouwing leit op dit stuit op ynterieur, fertelt Marjan Dol fan de meldkeamer. "Het was gewoon tijd voor bijvoorbeeld een nieuwe vloer", sa seit se. "Het is ook belangrijk dat we een vloer hebben die goed faciliteert." Dol doelt hjirby op de lûdeffekten fan bygelyks flierbedekking.

De meldkeamers yn Nederlân hawwe it oer it algemien dreech. Der is sprake fan ûnderbesetting en de meldkeamers steane stil op it mêd fan de ICT. Dit die yn septimber fan dit jier bliken út in rapport fan de ynspeksje foar de feiligens. De meldkeamer Noard-Nederlân, seit lykwols dat it by harren tafalt, mei troch in betide gearwurking.

"Goed personiel is altyd yngewikkeld om te krijen", ûnderkent Jeroen Gebben fan it bestjoer. Dochs binne der wol positive ûnwikkelings: "As minsken hjir delkomme op bygelyks in iepen dei, of as se ús op tv sjogge dan helpt dat wol, dat merke je!" En dan is in frisse look altyd moai meinaam.

De ferbouwing fan no moat yn desimber klear wêze, dêrnei komt noch in folgjende faze, om mear fleksplakken by de meldkeamer te realisearjen.

Trefwurden: 
plysje ferbouwing meldkeamer
(advertinsje)
(advertinsje)