Frisia boarret ûnder de Waadsee: skean op syk nei sâlt

18 okt 2019 - 11:59

It fûnemint foar de boartoer op it terrein fan Frisia Zout yn Harns is klear. De kommende wiken wurdt hjir de toer pleatst dy't it gat boarje moat nei de sâltlaach ûnder de Waadsee. Fan takom jier ôf moatte fia liedingen tonnen sâlt wûn wurde.

"It is net dreech"

De sâltput dêr't hinne boarre wurdt, leit flak foar de haven fan Harns. It giet om de konsesje mei de namme Havenmond. In part leit ûnder de Ballastplaat, in grutte sânplaat foar de kust. Om't op it Waad gjin boartoer stean mei, wurdt fan de wâl ôf boarre.

Der moat skean boarre wurde om by de sâltlaach te kommen, seit direkteur Durk van Tuinen fan Frisia BV. "Dreech is dat net. Dêr hawwe wy ûnderfining mei. Doe't we bygelyks boarren nei de put BAS 3 binne we in boarkop kwytrekke. Dêr hawwe we in soad learing út lutsen. Sa'n boarkop is net om 'e nocht. Dochs slagge it om op tsien meter fan it beëage doel út te kommen. Dat is hiel goed."

De Seedyk is feilich

De toer sels leit op noch gjin 100 meter fan de Seedyk ôf. Om derfoar te soargjen dat dy gjin gefaar oprint, wurdt earst in pear hûndert meter rjocht nei ûnder boarre. Dan pas makket de boarkop in knik om fierder te graven nei in djipte fan sa'n 2,5-3 kilometer ûnder de Waadsee.

Technysk sjoen is der de ôfrûne jierren in soad feroare. Dat soarget derfoar dat je noch better yn de gaten hâlde kinne wêr't je boarje en wat der út it boargat komt. "Oan de hân fan mjitapparatuer witte we no aanst hiel goed wêr't de kop is. Alles wat omheech komt út it boargat giet troch in seef en wurdt metten en woegen. Dan witte we hiel goed wat der yn de grûn bart."

As se dan ienkear by de sâltlaach sels binne wurdt de lieding ôfmakke. Der komt dan in soarte fan ringlieding te lizzen dêr't hyt swiet wetter by yn de laach pompt wurdt en pikelwetter wer omheech giet. Ienkear boppe de grûn wurdt it sâlt út it wetter helle en nei behanneling wurdt it ferkocht.

Sâltwinning by Harns - Foto: Omrop Fryslân

Soargen yn Harns

Dochs binne der yn Harns sels grutte soargen oer skea troch de sâltwinning op see. Stichting Bescherming Historisch Harlingen hat dêrom oantrune op hurde ôfspraken oer mjittings. Dy binne fêstlein yn in konvenant dy't troch alle belutsen partijen ûndertekene is. Oan de hân fan de mjittings kin goed byhâlden wurde wa't skea feroarsaket. Njonken de sâltwinning kin ek in oar wetterpeil fan it Wetterskip soargje foar it fuortsakjen fan huzen.

Mocht it effekt fan de sâltwinning op see Harns berikke, dan giet de sâltkraan ticht. Van Tuinen is der fan oertsjûge dat de boaiemdelgong dan ek fuort ophâldt.

Dizze wike publisearret Omrop Fryslân ferhalen oer de ferskillende kanten fan de sâltwinning yn Fryslân. Dit is diel fiif, it lêste, fan ús ûndersyk.

De fjouwer noardlike regionale omroppen setten begjin dit jier met ûndersykssjoernalistyk platfoarm Follow the Money de 'Noord & Oost Pitch' út. Ynwenners fan de fjouwer noardlike provinsjes koenen in ûnderwerp pitche dêr't se fan fine dat der mear ûndersyk nei dien wurde moat. Jakoba Gräper út Veendam wûn de pitch. Sy stelde foar om de belangen fan de sâltwinningssektor ris goed ûnder de loep te nimmen.

(advertinsje)
(advertinsje)