Boeren bliid mei stipe kening Willem-Alexander

18 okt 2019 - 11:34

De boeren binne wiis mei de stipe fan kening Willem-Alexander. Hy liet by de steatsbesite oan Yndia witte dat it stikstofprobleem, net allinnich in probleem fan de boeren is. Neffens de kening moat dit mei de folsleine mienskip yn Nederlân oplost wurde.

Foto: ANP

Protestlieder Sieta van Keimpema fan Nes by Akkrum fynt de wurden fan de kening in opstekker: "In soad boeren binne 'koningsgezind'. Dit is foar harren fan grut belang. Ik tink ek dat de kening gelyk hat. De ôfrûne jierren hawwe wy as boeren al in soad ynlevere. No moatte oare sektoaren it dwaan."

De boeren hawwe no twa kear lanlik aksjefierd, en binne ek yn har eigen provinsjes oan it demonstrearjen. Neffens Van Keimpema binne der noch gjin konkrete plannen foar nije aksjes. "We sille no as bestjoer fan de Farmers Defence Force earst evaluearje. Mar de reewilligens foar aksjes en de kreativiteit is gigantysk, want it betrouwen yn de polityk is fuort."

(advertinsje)
(advertinsje)