Boubedriuw út Bûtenpost wol fergees doarren fan provinsjehûs Grinslân werstelle

18 okt 2019 - 11:01

In boubedriuw út Bûtenpost wol fergees de doarren fan it provinsjehûs fan Grinslân herstelle. Moandei waarden de doarren fernield, by it boereprotest yn Grins.

De doar fan it provinsjehûs fan Grinslân - Foto: ANP

Lilke boeren woene it Grinslanner provinsjehûs binnengean en fernielden dêrby de doarren mei in trekker. De skea soe sa'n 13.000 euro wêze. Boubedriuw Kingma út Bûtenpost biedt no oan om dy skea fergees te werstellen.

Op syn eigen facebookside skriuwt it boubedriuw dat it spitich is dat de sfear by it protest grimmitich waard. It boubedriuw wol dy negativiteit wer omdraaie en sprekt de winsk út dat de boeren en de polityk dan wer mei-inoar in oplossing fine kinne foar it stikstofprobleem.

Kingma wol alle materiaal, mankrêft en kunde beskikber stelle foar it herstelwurk. "Wij voelen mee met de boeren. No Farmers, no food, tenslotte. Tegelijkertijd realiseren we ons dat het maken van een eenduidig beleid over zulke kwesties niet makkelijk is. Doe het maar eens goed, je kunt onmogelijk iedereen tevreden houden."

(advertinsje)
(advertinsje)