Brêge Dronryp trije dagen ticht foar skipfeart
De brêge yn Dronryp is fan 4 oant en mei 6 novimber ticht foar it skipfeartferkear, seit Provinsje Fryslân. Dat de brêge trije dagen net betsjinne wurde kin, komt om't der wurksumheden binne oan de brêge oer it Van Harinxmakanaal. It hegere skipfeartferkear kin dus net oer it Van Haringxmakanaal.