FIDEO: Tûzen kear op 'e fyts om de Iselmar

18 okt 2019 - 09:39

Yn 20 jier tiid fytste Dirk de Vries (75) út it Noard-Hollânske Wervershoof hûnderten kear in rûntsje om de Iselmar: in tocht fan mear as 200 kilometer. Fêst ûnderdiel fan de tocht wie de Ofslútdyk. Op 31 augustus fan dit jier ried De Vries it tûzenste rûntsje om de mar hinne.

De kommende fjouwer jier ûndergiet de Ofslútdyk in flinke ferbouwing. De dyk wurdt fersterke en ferhege om Nederlân ek yn de takomst te beskermjen tsjin it seewetter. Yn 32 reportaazjes, likefolle as it oantal kilometers fan de Ofslútdyk, fertelle Omrop Fryslân en NH Media it ferhaal fan it ikoanyske bouwurk troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te meitsjen hawwe. Alle ferhalen en it oare nijs oer de Ofslútdyk is te finen op ús temaside.

(advertinsje)
(advertinsje)