Kollum: “Menopauzedag”

18 okt 2019 - 08:52

"Freed is it 'Wereld Menopauzedag' om dizze libbensfaze fan froulju ûnder de oandacht te bringen. En dan benammen de risiko's foar de sûnens troch de feroaringen yn de hormoanhúshâlding, want dat kin derfoar soargje dat neat mear is sa't it wie. Ik lies it tafallich en haw der noch noait fan heard, wylst it al langer bestiet.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

En ik frege my ôf wa't hjir al fan op 'e hichte binne. De boeren? Ik tink it net. Want dy hawwe it fierstente drok mei aksjefieren en hawwe sadwaande harren eigen opfleaners hân.

De lju dy't yn dy kelder fûn binne yn Drinte sille der grif ek gjin weet fan hawwe en ik hoopje dat it goed mei harren giet. It liket my in wier famyljedrama ta, mar wat ik ek in drama fûn, wie hoe't de media him hjir op stoarte. 'It is freeslik en sa slim foar de bern!' roppe se allegear, krekt oft sy it miene mar tagelyk liket it ek dat sy bliid binne dat der wer farsk nijs is dat wolris goed score kin. Ik fyn it mar in skynhillich gedoch en om't in 'menopauzedag' gjin nijs is dêr'tst mei score kinst, sil it ek wol net hiel bekend wurde, bin ik bang.

Dus dêrom haw ik it der mar wer oer want ik sit der midden yn. En mei my grif mear Fryske froulju én boerinnen, mar dy hawwe wierskynlik gjin tiid om dêr no wiidweidich by stil te stean. Want, sa't in boer fan 'e wike sei, syn frou regele alles op 'e pleats wylst hy aksje fierde en dan hast wol wat te dwaan. Boerinnen binne ornaris flinke froulju dy't net benaud binne foar it wurk en ik hoopje ek net foar de 'horrormoanen.'

Neffens my hawwe guon amtners al benaud west doe't sy tsjin in keppel boaze boeren oer stiene. Op papier miskien wol fan alles foar de boer betocht, mar noch noait in trekker fan tichtby sjoen, lit stean in echte boer fan fleis en bloed. Tagelyk freegje ik my ôf oft der ek froulike amtners binne dy't it stikem wol moai fûnen dat der einlings ris echte keardels op 'e stoepe fan de provinsjehuzen stiene. Hoe dan ek, se witte no tenei oer wa't se it hawwe as se wer ris wat betinke.

En sa is it mei de oergong ek. Kinst ynearsten wol fan alles betinke, de realiteit kringet echt troch as it dy rjocht yn 'e eagen sjocht. Mar neffens it boek 'De beste tijd van je leven, spiritueel door de overgang', hoecht it net dramatysk te wêzen. It kin bêst wol in drege perioade, fol ûngemak en opskuor wêze, dochs is it ek it begjin fan in nij libben mei in bettere balâns, frijheid, krêft en ûntspanning.

Dat liket my in moai útgongspunt om by stil te stean op dizze dei, ek foar ús mem de ierde. Us konsumpsjegedrach hat derfoar soarge dat sy ek yn in soarte fan oergong sit dus dus ik hoopje dat de drege perioade en opskuor fan de ôfrûne tiid úteinlik ek liedet ta in bettere balâns yn de natuer.

'In de menopauze zijn' is neffens it Frysk wurdboek: oer de glêzene of gouden berch hinne wêze, óf in âldwiif wêze. Dat fyn ik earlik sein al wat swartgallich. Ik tink earder dat it Fryske folksliet spesjaal foar ús skreaun is want wy brûze en siede en fleane sadwaande op yn it bêste lân fan ierde! Underweis nei ús Gouden iuw sille wy strielje as ea tefoaren! Ik winskje jimme allegear in noflike 'menopauzedag' ta!"

(advertinsje)
(advertinsje)