Gemalen by de Makkingeasterpolder fernijd: flinke put foar it Wetterskip

18 okt 2019 - 17:26

It âlde gemaal yn de Makkingeasterpolder is fersliten. Der komme no nije gemalen, mar it âlde hokje bliuwt wol stean en wurdt foar in part renovearre sa't it in skeakelstasjon wurdt foar de nije gemalen. Der binne prefab-betonbrokken pleatst, wêrfan't de swierste 82 ton swier is.

Ek by de gemalen Mieden Tsjonger East en West oan de oare kant fan de rivier is wurk foar Wetterskip Fryslân.

Teun Folkertsma is ûntwerpspesjalist by it Wetterskip en kin alles fertelle oer gemalen. "Ik ûntwerp se, fan De Lemmer oant Zoutkamp en fan Ravenswâld oant Skylge. Alle gemaaltsjes binne lyk, mar ek allegearre krekt wer wat oars," laket hy.

Klear foar de takomst

"Hjir giet it om trije nije poldergemalen," seit Folkertsma. "Dit is Makkingeasterpolder, en dan binne der oan de oare kant fan it wetter noch Mieden Tsjonger East en West." Der binne twa grutte putten groeven sa't it gemaal wer taret is op in heger wetterpeil.

De Makkingeasterpolder - Foto: A3impressies, Wetterskip Fryslân

It âlde gemaal is yn 1964 boud. Folkertsma leit út dat de gemalen fan doe faak deegliker binne as gemalen fan 10 of 20 jier letter. "Mar oan alles komt in ein," seit hy. De pompen en it elektrysk binne no oan ein.

82 ton oer it fean

Der moatte grutte putten it lân yn. "Se binne wol 82 ton, it gewicht fan in trochneed wenning. Dat moat it lân yn, oer it fean hinne mei in djiplader, dat wie wol hiel spannend. It golve al in bytsje, mar der sit twa meter oan fean, dus it koe heechút twa meter sakje. Mar dat is net de bedoeling fansels," seit Folkertsma.

Om de put fan 82 ton te pleatsen wie in kraan nedich dy't wol 700 ton tille kin. "Je kinne ûnder de kraan troch rinne," jout Folkertsma oan.

De oanfier oer it lân is bysûnder, mar ek dat it âlde gemaal bestean bliuwt. Ut de buert kaam it fersyk om it âlde gemaal, in byldbepalend hokje mei in piramidedak, stean te litten. "Liander brûkt it hokje ek noch, dus dat hanthavenje wy."

Teun Folkertsma fan Wetterskip Fryslân

Wol 1.000 Fryske gemalen

Folkertsma jout oan dat der net in soad minsken binne dy't witte hoefolle poldergemalen der eins binne yn Fryslân: wol 1.000. "En dy geane faak sa'n 40 jier mei, dus elts jier moatte wy der dochs wol sa'n 25 fernije."

It wurk yn de Makkingeasterpolder moat yn 2020 klear wêze.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra sjocht foar syn lêste bydrage foar Omrop Fryslân yn it âlde gemaal

(advertinsje)
(advertinsje)