Fryske Panda's: de dûkelpjut yn de Sweager Mieden

Hast eltse boskwachter hat se wol: hoekjes natuergebiet dy't as skatkeamer wurkje foar soarten dy't sa seldsum binne dat sy suver op útstjerren steane. En dat útstjerren stiet net op himsels: fan de acht miljoen soarten planten en bisten wrâldwiid driget der in miljoen te ferdwinen. Yn de rige Fryske Panda's sykje wy eltse moanne sa'n soart op yn 'e mande mei Staatsbosbeheer: foardat it te let is! Hjoed stiet de dûkelpjut sintraal yn de Sweager Mieden.
Panda de dûkelpjut yn de Sweager Mieden
Boskwachter Jakob Hanenburg lit ús yn 'e kunde komme mei planten, mossen en poddestuollen dy't der mooglik takom jier al net mear binne.
Opnames foar Fryske Panda's © Omrop Fryslân, Remco de Vries