Fikingen yn it Fries Museum: fan plonderslachtoffers oant in Wurdumer skat

18 okt 2019 - 07:25

It Fries Museum giet mei de nije tentoanstelling Wij Vikingen yn op de myten dy't der binne oer Wytsingen. Dy steane op it heden bot yn de belangstelling.

Fikingen binne populêr yn telefyzjesearjes en yn ferklaai- en imitaasjeshows. De Iepen UpLive woansdei yn de Neushoorn oer itselde ûnderwerp luts in folle seal. In soad spilers út it iepenloftspul Rêdbâd kamen yn kompleet barbaarsk tenú. Se fiele harren ferbûn mei de Fikingen en hawwe in sterk romantisearre byld fan midsiuwske kultuer yn Skandinavië. De Friezen fine dat dy skiednis ek by harren heart.

Plonder- en moardtochten

Friezen hannelen mei de Fikingen. mar se dienen ek mei oan plonder- en moardtochten troch it Noardseegebiet fan de 9e en 10e iuw, seit Fries Museum-konservator Diana Spiekhout. "Nu weten wij uit oud-Friese wetsteksten en een zilveren ketting, die hier ligt, dat de Friezen zich ook konden aansluiten bij die Vikingbendes en dus ook 'op Viking gingen' en zich schuldig maakten aan allerlei wandaden: plunderen, roven, verkrachten, noem maar op."

De tentoanstelling is de earste yn Nederlân oer de Fiking-aktiviteiten yn de lege lannen. Der is gebrûk makke fan de eigen Fryske terpkolleksje, mar ek fan guod yn brûklien fan ferskate musea yn Noard-Europa. Sa binne der wapens, in echte Fiking-plasse en in bonkerak fan in slachtoffer.

Fikingskatten

It is benammen in fisuele tentoanstelling wurden, betocht troch de ûntwerpers fan de eksposysje oer Mata Hari. Troch sealen rinnend mei bygelyks swurdfjochtsjende silhûetten op de muorren en lûdseffekten komt de besiker by it skelet, de plasse, sulveren skatten (wêrfan't ien yn Wurdum fûn is) en tal fan wapens del. Mar ek by in spesjaal foar de gelegenheid neiboud Fikingskip fan 15 meter lang, makke troch learlingen fan ROC De Friese Poort.

Ferslachjouwer Ronnie Porte by de tentoanstelling yn it Fries Museum

Op dizze wize wol it Fries Museum oerbringe dat Fiking eins gewoan piraat betsjut en net mei de leefstyl te krijen hat fan de Skandinaviër. De minsken wienen doe bot ferbûn mei de Skandinavyske wrâld en dat gie troch yn de Fiking-tiid en letter.

De tentoanstelling is fan 19 oant en mei 15 maart 2020. Fierder is der in noch in boek útjûn oer de tentoanstelling en is der in Rodulf-Fiking-bier makke troch in brouwerij yn Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)