Elske DeWall docht mei oan 'Dancing on Ice'

18 okt 2019 - 07:10

Sjongster Elske DeWall docht mei oan it SBS-telefysjeprogramma Dancing on Ice, dat makke sy tongersdei bekend. "Megablij dat ik mee ga doen met dit geweldige programma," skreau sy op har Facebookside. "Kom maar door met die glitterpakjesss!"

Elske DeWall by Dancing on Ice - Foto: Elske DeWall

DeWall is tige bliid dat sy meidwaan kin mei it programma. It reedriden sil noch wol wat oefenjen fergje. "Ja, ik kan wel schaatsen maar stond nog nooit eerder op kunstschaatsen, en geloof me; dit is totaal anders dan gewoon rechtdoor en zo hard mogelijk," seit sy.

De kommende sân wiken sil sy traine mei in team. Op 7 desimber wurdt Dancing on Ice live útstjoerd. Oare dielnimmers binne Tommie Christiaan, Sabine Uitslag, Charly Luske en Celine Huijsmans, Donny Roelvink, Juvat Westendorp en Roy Donders.

(advertinsje)
(advertinsje)