Bûter, brea en Dutch Cuisine: Fryske tapas op it Friesland College

18 okt 2019 - 06:54

Fryske streekprodukten soargen tongersdei foar in smaaksensaasje op it Friesland College yn Ljouwert. Yn it ramt fan de Dutch World Food Week kamen der sa'n 150 gasten op de skoalle foar middelber beropsûnderwiis om te sjen wat koks yn oplieding harren te bieden hiene.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

De spesjale wike freget oandacht foar goed en earlik iten. It Friesland College wurket mei 'Waar Leren Werkt' neffens de doelen fan de 'Sustainable Development Goals' fan de Feriene Naasjes. It giet om watsto dwaan kinst foar in bettere en mear duorsume wrâld. Goed 50 studinten diene ynspiraasje op en fertelden leveransiers út de omjouwing oer harren produkten. Yn acht wiken tiid binne se klearstoomd foar de wike.

Fryske tapas

Klaas van der Veen is neist kok ek praktykekspert foar de studinten. "Wy binne foar Dutch Cuisine oan it wurk yn it ramt fan de World Food Week, dêr hawwe wy in menu foar makke foar sa'n 150 man. Dat is in menu mei fiif gongen, mei in 14-tal gerjochtsjes dêryn ferwurkje. Wat flaubytsjes, in soarte Fryske tapas, en dêrnei in sopke, trije lytse haadgerjochtsjes en fjouwer neigerjochtsjes."

Alle yngrediïnten komme út de regio. "Dêrom is it ek 'Bûter, brea en Dutch Cuisine.' Mar wy geane eins noch fierder, al ús produkten komme út Fryslân, nóch mear regionaal dus," seit Van der Veen grutsk.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma op it Friesland College yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)