Pizzakoerier berôve fan jildbedrach yn Ljouwert

18 okt 2019 - 06:30

In pizzakoerier is tongersdeitejûn let oerfallen yn de Valeriusstrjitte yn Ljouwert. De dieder is mei in ûnbekend jildbedrach útnaaid yn de rjochting de Troelstrawei. De besoarger kaam mei de skrik frij.

Foto: AS Media

De fertochte is in man fan 1 meter 80, mei koart hier en in tatoeaazje yn syn nekke. De man ried op in swarte fyts. De plysje hat ek in Burgernet-aksje rinnen om de fertochte te finen.

(advertinsje)
(advertinsje)