Mei-inoar op syk nei oplossingen foar wrâldwide itensproblemen

It wurdt in hieltyd gruttere opjefte om genôch iten te produsearjen foar elkenien op ierde, om't der hieltyd mear minsken binne en we de grûn yntinsiver brûke. Om dêr oplossingen foar te finen, organisearre de Rabobank in programma wêryn't ferskate ûndernimmers en konsuminten mei-inoar oplossingen betinke foar in duorsume, regionale wize fan iten produsearje.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Oan it programma wie ek in priis ferbûn. It idee dat it bêste útwurke wurde kin, krige tongersdeitejûn yn Easterwâlde in priis fan 3.000 euro. Dat wie it idee foar 'Mijn VoedingsMaat'. De betinkers wolle minsken oan de hân fan in DNA-analyze en in persoanlik ytpatroan helpe om sûner te iten. Dat wurdt troch gearwurking mei lokale ûndernimmers keppele oan regionale produkten.

Twadde priis

De striid gie tusken twa partijen. Dochs gie de nûmer twa net mei lege hannen nei hûs: 'Vitale Bodem = Vitale Toekomst' krige 2.000 euro. Dêrmei wol de Rabobank ek sjen litte dat it se net te dwaan is om ien winner. It idee is foaral om feroaring yn gong te setten.
Fryslân wie de earste provinsje dêr't it konsept útwurke waard, no binne noch fjirtjin oare regio's yn Nederlân oan bar.