'Chat met Fier' berikt ûnsichtbere slachtoffers seksueel geweld

18 okt 2019 - 07:00

Mear as 400 minsken, fan wa't tocht wurdt dat se seksueel misbrûkt wurde, ha yn 2018 kontakt socht mei FIER fia in chat. Earder wiene de measte slachtoffers 'ûnsichtber'. Mear as 60 prosint fan de slachtoffers yn de chat wiene minderjierrigen út Nederlân, meldt it Centrum Kinderhandel Mensenhandel (CKM).

Jeugdsoarch - Foto: Shutterstock.com

De haadfêstiging fan it lanlike ekspertize- en behannelsintrum Fier sit yn Ljouwert. Neffens Fier en it CKM soarget Chat met Fier foar in legere drompel foar de slachtoffers om yn petear te gean oer seksueel geweld. Gewoanwei soene se troch skamte of eangst net om help doare te freegjen. Fia de chat kinne se anonym har ferhaal kwyt oan profesjonele helpferlieners.

Shamir Ceuleers fan it CKM: "We komen via de chat in contact met een grote groep onzichtbare slachtoffers, wat ons een ongekende mogelijkheid geeft ze al in een vroeg stadium een digitale helpende hand te bieden." Skat wurdt dat 1.320 Nederlânske famkes yn 't jier slachtoffer wurde fan it seksueel misbrûken.

Unsichtber

Yn 2016 die bliken dat 89 prosint fan de slachtoffers ûnsichtber bliuwt foar de helpferliening en opspoaring. It sicht op dizze groep is de ôfrûne jierren allinnich mar ôfnommen, sa stiet yn de Slachtoffermonitor fan de Nationaal Rapporteur dy't freed ferskynt. Mei Chat met Fier wurdt besocht wer sicht te krijen op de slachtoffers.

Slachtoffers goed opfongen

Shamir Ceuleers fan Fier jout oan dat de chat hiel wichtich wêze kin: "Omdat heel veel slachtoffers van seksueel geweld en uitbuiting niet zomaar aankloppen bij de reguliere zorg zoals de politie. Dat komt uit schaamte bijvoorbeeld, maar het maakt wel dat ze onzichtbaar blijven. De chat is anoniem en het is makkelijk te doen vanuit je telefoon of computer. Het is veel laagdrempeliger dan naar de politie of zorg stappen."

Ceuleers fertelt dat de slachtoffers goed opfongen wurde. "Het zijn zorgprofessionals, collega's met verstand van zaken die weten wat ze wel en niet moeten zeggen om het slachtoffer een veilig gevoel te geven. Vaak is het de eerste keer dat ze hun verhaal vertellen. Het is echt de bedoeling om een vertrouwensrelatie op te bouwen, zodat de vermoedelijke slachtoffers vaker terugkomen en we ze kunnen begeleiden naar opsporing en reguliere zorg."

Neffens Shamir Ceuleers fan Fier seit dat se hieltyd better te finen binne. "De chat is ook een belangrijk instrument om een beter beeld te krijgen van hoe groot het probleem eigenlijk is."

Shamir Ceuleers fan Fier oer de chat

(advertinsje)
(advertinsje)