Reder MSC Zoe wegeret ferfolchskea te beteljen

De fersekerder fan reder MSC Zoe wol foardat it jier om is in definitive skeaclaim en dêrnei moat it oer wêze. Dat is Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten ferteld op in gearkomste fan Rykswettersteat oer de skeaclaims. Neffens Zwart wol ek Rykswettersteat it skealoket slute. Der stiet noch 1,93 miljoen euro iepen oan claims, benammen fan it Ryk.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De akute skea troch de kontenerramp by gemeenten, natuerorganisaasjes en fiskers liket wol betelle te wurden. De gemeenten hawwe 280.000 euro deklarearre, befêstiget boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach: "Dat is op een haar na geregeld." Dat jildt lykwols net foar de ferfolchskea fan guod dat letter noch oanspielt of fûn wurdt.
Benammen de plastic kerrels binne noch hieltiten in grut probleem. "Mar de fersekerder fan MSC seit 'jimme kinne net bewize' dat dy kerrels fan de MSC Zoe ôfkomme", seit Zwart. "It spoar fan dy kerrels rint dea yn Súd-Koreä", sa wurdt sein.

Claims ynlutsen

Rykswettersteat lit middels in nijsbrief witte dat in claim fan 480.000 euro ynlutsen is. Neffens Zwart giet it dêrby nei alle gedachten om btw en overheadskosten. Der wurdt prinsipjeel gjin overhead betelle troch de reder. En omdat der direkt nei de ramp tasein is dat sy alles opromje wolle, mar dêrfoar net de kâns krigen, fine se dat sy ek gjin btw betelje hoege. Want sy binne as bûtenlânsk bedriuw dan net btw-plichtich. Der is ek noch 320.000 euro dûbel claimd, sa hat Rykswettersteat útfûn. Dat jild is streekrjocht útbetelle oan bedriuwen dy't troch de reder ynhierd binne.

Berging net klear

De berging fan alle kontenertroep is noch net klear. Der lizze noch 34 objekten yn see dy't troch Rykswettersteat by kontrôles fûn binne en noch opfiske wurde moatte. Yn Dútslân binne sy wol klear. Fan de sa'n 3.200.000 kilo oan lading is no 2.424.930 kilo út see helle.
Lês al ús eardere berjochten oer de kontenerramp op ús dossierside.