Kaartferkeap foar finale sjongfestival Liet freed fan start

17 okt 2019 - 22:15

De kaartferkeap fan it sjongfestival Liet giet freed fan start. It evenemint wurdt hâlden op 15 novimber yn Neushoorn yn Ljouwert. Op it stuit stride der noch fyftjin dielnimmers om in plakje yn de finale fan Liet.

Stonecrobs wûn Liet yn 2018 - Foto: Omrop Fryslân, Albert Jensma

Oant ein oktober kin it publyk stimme op de nominearren fia de webside fan it Frysk sjongfestival. Tsien fan de fyftjin geane troch nei de finale. It publyk kiest twa finalisten, de oare acht wurde oanwiisd troch in seleksjesjuery. De winner fan Liet giet nei Liet International, dat yn april takom jier yn it Deenske plak Aabenraa hâlden wurdt.

Neist de tsien finalisten trede der dit jier ek acht bekende Fryske muzykakts op yn Ljouwert, sa as Wiebe Kaspers, Esther de Jong en Marcel Smit, dy't spesjaal foar Liet nije Frysktalige ferskes skreaun ha.

(advertinsje)
(advertinsje)