Bemanning MSC Zoe krige te min rêst neffens Dútske havenautoriteiten

18 okt 2019 - 10:11

De bemanning fan it kontenerskip MSC Zoe hat net genôch rêst hân, ha de Dútske havenautoriteiten op 3 jannewaris 2019 fêststeld by in ynspeksje yn Bremerhaven. Dat docht bliken út it ynspeksjerapport dêr't earder ek al it lanlike telefyzjeprogramma Zembla út sitearre.

Foto: Onderzoeksraad voor Veiligheid

Yn totaal steane der sân gebrekken op de list, wêrûnder problemen mei de saneamde Voyage Data Recorder. Ek wurdt der skea oan de romp fan it skip fûn. Wat de rêsttiden oanbelanget, stiet der it folgjende: "Rest hours insufficient."

De MSC Zoe ferlear op 1 jannewaris 342 konteners boppe de Waadeilannen. Dat der net genôch rêst naam is, kin komme troch de problemen dêr't it skip yn bedarre op de Noardsee.

Oare ynspeksjes

Op 21 maart fan dit jier is it skip nochris ynspektearre yn Götenborg yn Sweden. Dêrby binne der gjin problemen mear fûn.

Yn totaal is it skip de ôfrûne trije jier fjouwer kear ynspektearre. Op 2 juny 2017 yn Antwerpen is der neat fûn en op 12 july 2018 yn Rotterdam binne der fiif gebrekken konstatearre. Under oare de rêdingsboaten waarden net op de goede wize ûnderhâlden en masines wiene net goed ôfskerme.

Lês al ús eardere berjochten oer de kontenerramp op ús dossierside.

(advertinsje)
(advertinsje)