Melkfeehâlder wol grûn by spoar Hurdegaryp werom ha fan provinsje

Melkfeehâlder Roel Wijmenga fan Hurdegaryp wol oardel bunder grûn by it spoar yn it doarp werom ha fan de provinsje. Dat sei de melkfeehâlder tongersdei op in sitting by de Raad van State. De provinsje hie de grûn oernaam fanwege de oanlis fan de Sintrale As en der wie ôfpraat dat Wijmenga it weromkrije soe, as it net brûkt wurde soe. "Afspraak is afspraak, daar moet de provincie Fryslân zich aan houden", seit Wijmenga.
In trein rydt by de wurksumheden yn Hurdegaryp del © Jeroen Boersma, Omrop Fryslân
Yntusken hat bliken dien dat de provinsje de grûn brûke wol as natuerkompensaasje fanwege oanpassingen oan de spoarline tusken Ljouwert en Grins, sadat der in ekstra sneltrein komme kin. De melkfeehâlder giet dêr net mei akkoart. Ut in ekstra ûndersyk folge fierder dat de feehâlder gjin neidiel ha soe fan it ferlies fan it stik grûn. Ek soe er dêrfoar al finansjele kompensaasje krigen ha, mar dat ûntkent Wijmenga mei klam.
De Raad van State lit no útsykje oft de ôfspraken oer de grûn swart op wyt steane. Oan de hân dêrfan wurdt besjoen oft it traseebeslút foar de ekstra sneltrein definityf goedkard wurde kin.