Brûns foar hurdfytser Wim Stroetinga op EK yn Apeldoorn

17 okt 2019 - 20:12

Wim Stroetinga hat tongersdei in brûnzen medalje helle by it Europeesk kampioenskip baanhurdfytsen op it ûnderdiel scratch. De hurdfytser út Terwispel kaam yn Apeldoorn nei 15 kilometer as tredde oer de finish.

Wim Stroetinga - Foto: www.orangepictures.nl

De Spanjert Sebastián Mora Vedri pakte mei noch fjouwer ronden te gean hast in heale ronde foarsprong en dat wie genôch foar goud. De sprint dêrefter waard wûn troch de Gryk Christos Volikakis en mei in heale fytslingte dêrefter Stroetinga.

Yn 2008 helle Stroetinga ek brûns op dit ûnderdiel. Earder helle hy ek al sulver op it wrâldkampioenskip yn 2007 en 2008.

Scratch is net in Olympysk ûnderdiel. Stroetinga woe eins meidwaan oan de keppelkoers en besykje him fia dit ûnderdiel te pleatsen foar de Spelen yn 2020. De bûnscoach keas lykwols net foar Stroetinga, mar foar Yoeri Havik en Jan-Willem van Schip.

(advertinsje)
(advertinsje)