Jenny Douwes tsjinnet klacht oer Fryske tolk yn by Europeesk komitee

Jenny Douwes hat in offisjele klacht yntsjinne oer it tekoart oan Fryske tolken by de rjochtbank. Tongersdei melde sy har by it Committee of Experts fan de Raad van Europa. Dat komitee wie doe oanwêzich op it Provinsjehûs yn Ljouwert, om te kontrolearjen oft it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen wol neilibbe wurdt yn Fryslân.
Jenny Douwes © ANP
Douwes hat har ûnderfiningen by de strafrjochtspraak tsjin de blokkearfriezen dield mei it komitee. Om't de offisjele Fryske tolk op fakânsje wie, waard dy ferfongen troch ien mei folle minder ûnderfining. Douwes fielt har dêrtroch direkt beneidiele.
It komitee sil ûndersykje oft it rjocht op in earlik proses skeind is.