Auto fljocht yn 'e brân by Marrum nei botsing mei oare auto

In auto is tongersdeitemiddei yn 'e brân flein nei in botsing mei in oare auto. It ûngelok barde op de krusing fan de Kleasterdyk en de Herjuwsmawei by Marrum. Troch de klap bedarren de auto's hast yn in sleat neist de dyk.
© Srfotografie
De bestjoerders fan beide auto's binne neisjoen troch ambulânsepersoniel. De brânwacht fan Ferwert wist it fjoer út te meitsjen. Beide auto's rûnen in soad skea op en binne fuortsleept troch in berger. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngefal.