Prins Constantijn nimt Ljouwerter VR-bril mei nei beurs yn Amearika

17 okt 2019 - 17:52

It Ljouwerter bedriuw Reducept sil mei prins Constantijn mei nei in grutte techbeurs yn Amearika. Reducept hat in Virtual Reality-programma ûntwikkele dat groanyske pine bestriidt.

Troch in VR-bril op te setten leart de pasjint mei ynformaasje en spultsjes op in oare wize mei de pine om te gean. It is de Ljouwerters slagge om mei dizze útfining troch in strange seleksje te kommen, yn totaal kinne der mar fyftich startups út Nederlân mei reizgje nei de beurs yn Las Vegas. Se krije no de unike kâns om harren produkt oan de wrâld sjen te litten.

Soad oanmeldingen

It tal oanmeldingen foar de beurs wie grutter as de ôfrûne jierren. Troch de media-oandacht dy't it de bedriuwen opsmyt, groeit de animo. It wie dan ek noch efkes spannend oft Reducept oanheakje mocht.

Eigeners Margryt Fennema en Louis Zantema binne tige bliid dat se grien ljocht krigen ha. Margryt: "It past perfekt yn de timing om it produkt nei de merk te bringen. Do joust dêr foaral ynterviews ôf en do litst minsken dyn produkt útprobearje."

En dat is wichtich, want útsein medisinen binne der net in soad produkten dy't minsken thús brûke kinne om fan de pine ôf te kommen. En dat wylst der in grutte groep pasjinten is dy't lêst hat fan groanyske pine. Margryt: "Foar ús pasjintedoelgroep is it dus hiel belangryk dat se fan ús hearre. Dêrom is it sa goed dat wy yn Amearika binne op dat momint."

Prins Constantijn is spesjaal ambassadeur foar startups en hurd groeiende bedriuwen. It kabinet hat 65 miljoen euro útlutsen om Nederlân nóch better te promoatsjen as startup-walhalla.

Mear as fjirtich jier pine

Jolanda Bouma hat al mear as fjirtich jier lêst fan pine, benammen yn de rêch. Earst wie se noch wol wat skeptysk oer de VR-bril. Mar troch bygelyks de pineprikkels fuort te sjitten yn in spultsje, leart se better mei de pine om te gean.

(advertinsje)
(advertinsje)