Foarsitter Nieboer: "De FNP heart dochs in boargemaster te hawwen"

Dat deputearre Johannes Kramer boargemaster wurdt, is in boppeslach foar de FNP. Dat seit partijfoarsitter Cees Nieboer. Kramer is op dit stuit noch deputearre yn it provinsjebestjoer, en wurdt begjin jannewaris ynstallearre as boargemaster fan Noardeast-Fryslân.
© FNP Fryslân
FNP-foarsitter Cees Nieboer
Nieboer krige ek woansdeitejûn te hearren dat de kar op Kramer fallen wie. Syn namme soe al in skoft neamd wurde. "Yn lytse rûnten wie der al wat bekend, mar it kwartsje koe alle kanten noch op falle", fertelt Nieboer.
De FNP hat op dit stuit yn gjin inkelde Fryske gemeente in boargemaster. Germ Gerbrandy fan Achtkarspelen wie de lêste, hy gie nei de Earste Keamer. De beneaming fan Kramer is dus absolút in boppeslach foar de FNP. "Dat we der rjocht op hiene, is wat nuver sein, mar de FNP heart úteinlik dochs in boargemaster te hawwen. As je bestjoere, moatte je ek earne in boargemaster hawwe."

Kar oan de leden

Oant syn beneaming op 6 jannewaris takom jier kin Kramer syn funksje fan deputearre ferfoljen bliuwe. "Wy sille mei de partij oan de slach om in goede opfolger te finen. Dy kar leit by de FNP úteinlik by de leden", leit Nieboer út. "Sy binne fansels wol wiis dat der in foardracht dien wurdt troch minsken dy't der doel oer hawwe, mar de einferantwurding leit by de leden." De ledegearkomste is op 29 novimber.
Neffens Nieboer binne der genôch kapabele minsken dy't Kramer opfolgje kinne. "Eltsenien hat sa syn eigen listje. It is ús taak om dy listjes by elkoar te bringen."