Steven de Jong wol film meitsje oer Rob Out

Fryske filmmakker Steven de Jong sil in film meitsje oer Veronica-direkteur Rob Out. De Jong hat de rjochten fan 'Mister Veronica', de biografy oer Rob Out, krigen.
© Omrop Fryslân, Lars
Rob Out wie de earste direkteur fan de Veronica Omroep Organisatie, dy't ûntstie út de yllegale seestjoerder Radio Veronica. Hy soarge der yn de jierren 70 foar dat de stjoerder mei mear as 1 miljoen leden de grutste omrop fan Nederlân waard. "Doe't ik it boek lies, ynspirearre it my om der wat mei te dwaan", fertelt De Jong. Hy wol graach it gefoel en de siel fan it ferhaal oerbringe.
De Jong hie earder al plannen foar in film oer Veronica, mar dy plannen strannen. Mei de biografy, skreaun troch Bert van der Veer, sjocht de regisseur nije mooglikheden.
Regisseur Steven de Jong oer syn plannen