Fryslân tekenet ferklearring oer stikstofoanpak net: earst mei boeren prate

De provinsje Fryslân hat as iennichste net in hanteken set ûnder in ferklearring fan it Ryk en de provinsjes oer hoe't se de stikstofproblematyk oanpakke wolle. Yn de ferklearring stiet dat de partijen mei elkoar oan belied wurkje. Der binne gjin hurde ôfspraken makke yn it oerlis dat de minister en de provinsjes tongersdeitemiddei hân ha.
Fryslân tekenet ferklearring net
Fryslân hat de ferklearring net tekene, omdat de provinsje net de yndruk meitsje wol dat der no wer wat yn achterkeammerkes regele is, seit deputearre Kramer. Hy wol earst mei de belutsen partijen prate oer hoe't de stikstofkrisis oanpakt wurde moat. Dan giet it om de boeren, de bousektor en ek natuerorganisaasjes. Neffens Kramer binne de útgongspunten by dat oerlis wol de maatregels dy't er ferline wike ynlutsen hat.
Minister Carola Schouten fan Lânbou lit witte dat it kabinet en de provinsjes uterlik 1 desimber mear dúdlikheid jouwe oer de oanpak fan it stikstofprobleem.
© ANP
Deputearre Johannes Kramer