Telefoannûmer 113 Zelfmoordpreventie moat ek yn it Frysk beskikber wêze

17 okt 2019 - 15:49

It telefoannûmer fan 113 Zelfmoordpreventie soe ek yn it Frysk beskikber wêze moatte. Dat fynt de Twadde Keamerfraksje fan it CDA. It nûmer is foar minsken dy't help sykje as se suïsidale gedachten ha. Neffens Keamerlid Anne Kuik is it belangryk dat dy minsken yn harren eigen taal holpen wurde kinne.

Foto: Omrop Fryslân

"Voor veel mensen is het vaak al een grote stap om hulp te zoeken," seit Kuik. "Als je diep in de problemen zit, kan ik mij goed voorstellen dat je iemand in je eigen taal, het Fries, wilt spreken."

Op dit stuit is de stichting 113 Zelfmoordpreventie telefoanysk allinnich te berikken op it nûmer 0900 0113. Fanwege de namme fan de stichting tinke in protte minsken lykwols dat se it nûmer 113, krekt as it alarmnûmer 112, belje kinne. Mar dat nûmer bestiet net.

Help kaam te let

Yn guon gefallen koene minsken dy't help nedich hiene dêrtroch net holpen wurde. Earder dit jier makke in jonge frou in ein oan har libben, nei't se gjin gehoar krige by 113. No is dúdlik wurden dat in 61-jierrige man dat ek oerkaam is.

Steatssekretaris Blokhuis fan Folkssûnens neamt it "verschrikkelijk". "Mensen die suïcidaal zijn, moeten snel en zonder drempels de juiste steun en hulp weten te vinden en krijgen. Als het nummer 113 een leven kan redden, moeten we daar natuurlijk alles voor in het werk stellen."

It kabinet ûndersiket wat derfoar nedich is om it nûmer 113 iepen te stellen. Foar de ein fan it jier soe dúdlik wêze moatte wannear't dat kin.

Hasto help nedich? Dan kinst kontakt opnimme mei Stichting 113 Zelfmoordpreventie fia 0900 0113 (24/7 berikber) en www.113.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)