Fjoerwapen út de Twadde Wrâldoarloch oantroffen by wurksumheden yn Ljouwert

17 okt 2019 - 15:14

In bysûndere fynst yn in wenning yn Ljouwert tongersdeitemiddei: by bouwurksumheden is yn in wand in fjoerwapen út de Twadde Wrâldoarloch oantroffen.

Foto: Twitter @Toezicht_Lwd

De plysje is ynskeakele nei't it wapen fûn wie. Nei ûndersyk die bliken dat it giet om in Dútsk wapen. Dat is oerdroegen oan spesjalisten.

Meiwurkers fan de hanthavening yn Ljouwert wiene tafallich oanwêzich nei't de plysje de melding krige. Sy pleatsen foto's fan it wapen op Twitter.

(advertinsje)
(advertinsje)