Robin Maulun stiet freed wer yn de basis by Cambuur

18 okt 2019 - 16:29

Jamie Jacobs en Giovanni Korte spylje freedtejûn net mei yn de thúswedstriid fan SC Cambuur tsjin TOP Oss. Jacobs rekke ferline wike blessearre yn it duel mei MVV en Korte heakke tongersdei ôf op de lêste training. Doke Schmidt is al langer blessearre en is der freed ek noch net by.

Jacobs is in belangrike spiler foar de Ljouwerters dit seizoen. Hy makke al seis doelpunten. Tsjin TOP Oss hie de middenfjilder wol spylje kinnen, mar dochs stelt trainer Henk de Jong him net op. "Want dan hast kâns dat hy der dêrnei seis wiken út is. It herstelt goed, mar we wolle it ek net forsearje."

Robin Maulun is de ferfanger fan Jacobs op it middenfjild. De Frânsman wie yn de earste faze fan it seizoen basisspiler, mar nei syn reade kaart tsjin Jong PSV ferdwûn er út de basis. No krijt er wer in kâns.

Robin Maulun op de training tongersdei - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn TOP Oss treft Cambuur in tsjinstanner dy't ferdigenjend spilet, mei fiif man efteryn. De Jong hat yn 'e holle hoe't er dat bestride wol, mar dat wol de Drachtster net sizze. "Ferdigenjend hawwe se it hiel goed stean. We hoopje dat we rap skoare, mar dat is net sein. Dus it ferstân derby en net alles iepen goaie. We moatte it goed foarinoar hawwe en dan hawwe we kâns om te winnen."

Jamie Jacobs yn bettere tiden by Cambuur - Foto: Orange Pictures

In spiler dy't der freed ek noch net by is, is Doke Schmidt. Mar, de ferdigener is wol op de wei werom. Dizze wike hat Schmidt in grut part fan de groepstraining wer meidien, nei't er begjin augustus blessearre rekke tsjin FC Volendam. Hy is dus al mear as twa moannen út 'e rûlaasje.

Fiersten te lang, sa fynt Schmidt: "Een week geblesseerd zijn is al lang genoeg. Tuurlijk ben je er aan toe om weer met de groep mee te doen en heb je er zin in. Het is lekker dat het deze week weer zo kan." De pine is noch net hielendal fuort: "Het voelt goed, ik voel het soms nog een beetje maar dat zal ook weer zo blijven."

Wannear't Schmidt der wer by is, is noch net wis. "Ik moet eerst weer volledig meetrainen en wedstrijdritme opdoen bij de beloften. Volgende week is ook nog niet reëel. Ik ga er geen datum meer op prikken. Dat heb ik wel eens eerder gedaan en uiteindelijk heb je daar niks aan. Ik moet gewoon helemaal fit zijn, dat is het belangrijkste."

De wedstriid tusken SC Cambuur en TOP Oss begjint freedtejûn om 20.00 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it stadion yn Ljouwert wei. Sneon yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting fan it duel.

(advertinsje)
(advertinsje)