Systemen oanlein: ynkoarten ek trajektkontrôles yn Fryslân

17 okt 2019 - 14:19

Op de autodiken N351 en N381 binne de ôfrûne tiid systemen foar trajektkontrôle oanlein. Op de dyk tusken Easterwâlde en Emmeloord en ek op dy fan Drachten rjochting Emmen wurdt meikoarten dy trajektkontrôle mooglik.

De N381 tusken Drachten en Appelskea. - Foto: Google Street View

Oanlieding is it feit dat op provinsjale diken relatyf in soad ferkearsslachtoffers falle. It Iepenbier Ministearje wol dêrom de hanthavening oanskerpje.

De kontrôlesystemen binne op dit stuit noch net aktyf. Se wurde earst testen en dêrnei wurde se tusken de ein fan dit jier en de ein fan takom jier ynskeakele.

(advertinsje)
(advertinsje)