Griene Dyk tusken Minnertsgea en Sint-Jabik wurdt 'flinteridylle'

De 18-jierrige biologystudint Henk van der Meulen hat der tongersdei mei help fan in hofkersbedriuw en in soad bern út Minnertsgea en Sint-Jabik foar soarge dat de ynsekterykdom wer wat werom komt tusken beide plakken yn. Pleatslik Belang Minnertsgea frege him in saneamde flinteridylle te meitsjen op de Griene Dyk by it fytspaad del.
Griene dyk tusken Minnertsgea en St. Jabik wurdt flinteridylle
It inisjatyf komt fan gemeente Waadhoeke en wethâlder Jan Dijkstra iepene de wurksumheden. Yn de berm binne beammen plante om foar skaad en lijte te soargjen en der binne ynsektehotels delsetten dêr't aaikes en larven yn ôfset wurde kinne. De bern soargen der mei foar dat it sied ferspraat waard dêr't takom maitiid de blommen út komme moatte.

Ynspiraasje

Ynsekten hawwe dy blommen nedich foar fretten en yn it gefal fan de flinters om der aaikes op ôf te setten. It giet om blommen dy't thús hearre yn it gebiet. Dit inisjatyf allinnich is net genôch om it biosferskaat op grutte skaal op te krikken: it moat minsken benammen ynspirearje om der sels ek mei oan 'e gong te gean. De bern krije ek les oer flinters en oare ynsekten.