Finzenisstraf foar man dy't boargemaster en oare amtners bedrige

17 okt 2019 - 13:56

In 51-jierrige man fan Kollumersweach is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele 201 dagen sel, wêrfan 90 dagen ûnder betingst, foar it bedriigjen fan boargemaster Agricola fan de gemeente Dantumadiel. Ek hie de man âld-boargemaster Heldoorn en in gemeente-amtner bedrige. De rjochtbank hat de man frijsprutsen fan de bedriging fan fjouwer oare persoanen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man is sûnt 2014 fertize yn in fjochtskieding mei syn eks-partner. As gefolch dêrfan sjocht er syn bern sûnt 2015 net of hast net mear. De man fynt dat dit ûnder oare de skuld is fan de Raad voor de Kinderbescherming, de gemeente Dantumadiel en de riedsfrou fan syn eks.

Meardere bedrigings

Yn septimber 2018 woe de man ferhaal helje yn it gemeentehûs. Dêr achterfolge er in amtner. Sy ferstoppe har op it húske om oan te man te ûntkommen, wêrnei't er op de doar bûnze en har bedrige.

In healjier letter hat de man yn in petear mei in meiwurkster fan it Veiligheidshuis Fryslân syn frustraasjes oer de proseduere kenber makke. Dêrby hat er deadsbedrigings utere oan it adres fan de boargemaster fan Dantumadiel, syn foargonger en in oantal oare persoanen dy't fanwege harren wurk mei de situaasje te krijen hiene. De boargemaster en syn foargonger fielden harren hjirtroch bot bedrige.

Finzenisstraf en kontaktferbod

Neist de finzenisstraf hat de rjochtbank de man in 'vrijheidsbeperkende maatregel' oplein, yn de foarm fan in kontaktferbod foar trije jier. De man mei yn dy tiid gjin kontakt opnimme mei de boargemaster, syn foargonger, de gemeente-amtner, de riedsfrou fan syn eks en in meiwurker fan de bernebeskerming.

(advertinsje)
(advertinsje)